5 oktober 2016

Tjitske wint Rely-Juniorpriis

Yn 2004 waard oan de ‘grutte’ Rely de Rely-Junior foar jonge skriuwers en dichters taheakke. Sûnt 2016 hat Piter Jelles der ek in Juniorwinneres by: Tjitske van der Meer út de 5e klasse fan it Ljouwerter Lyseum. Sy wûn dit jier mei “In gedicht oer in tún”. Yn in ynterview mei in regiokrante fertelde Tjitske dat se graach boarte mei (de Fryske) taal. Om har feardigens dêryn oan te skerpjen die se ûnder oaren mei oan in dichtkursus fan Elmar Kuiper, sels ea ek Rely-winner. Dy fertelde dat Tjitske skriuwtalint hat, benammen as it giet om it kiezen fan oansprekkende bylden en it ferwurdzjen dêrfan.

Tjitske boarte graach mei (de Fryske) taal

It libben fan Rely (eins Aurelius) Jorritsma begûn yn 1902 yn Jellum. It stie foar in grut part yn it teken fan de keunsten. Hy skildere en tekene, mar geandewei rekke er foaral belutsen by de literatuer, benammen by de Fryske. Wurk fan syn hân ferskynde ûnder oaren yn de Ljouwerter Krante, mar ek yn tiidskriften lykas Sljucht en Rjucht, It Heitelân en De Holder.

Rely ferstoar yn 1952 oan de gefolgen fan MS. Yn syn testamint fermakke er in grut fermogen oan it Rely Jorritsmafûns. De opbringst dêrfan moast bestege wurde oan in jierlikse literêre priis foar Frysktalige koarte ferhalen en gedichten. De prizen waarden takend troch in faksjuery. De útrikking derfan fûn fan 1955 oant 2015 plak yn it tsjerkje fan Bears, it twallingsdoarp fan Jellum. De lêste twa jier waard útwykt nei it Doarpshûs fan Weidum, benammen yn ferbân mei de multimediale ûnderdielen dy’t de lêste tiid yn de byienkomst ferfrissele wurde. De takenning fan de prizen is yn juny, de útrikking derfan begjin oktober, altiten om Rely’s stjerdatum hinne (1 oktober).

Ferskate (âld-) meiwurkers fan Piter Jelles en syn rjochtsfoargeande skoallen steane op de winnerslisten. Sûnder folslein te wêzen: Pyt Jon Sikkema, Joop Boomsma, Sybout Hartog, Sjoerd Bottema, Hanneke de Jong, Albertina Soepboer en Gerrit Hoekstra.

In gedicht knap fan bou, fuld mei goed keazen taal

De faksjuery ûnder lieding fan jongereinboekeskriuwer Thys Wadman wie unanym fan miening dat Tjitske har gedicht dit jier de earste priis fan de Rely Junior fertsjinne. In tún yn al har ferskaat, fongen yn in tal twingende bylden, as in gaos fan kleuren en foarmen mei as ûndertoan de fergeliking mei it libjen yn frijheid. In gedicht knap fan bou, fuld mei goed keazen taal, kreas rangskikt yn in ferrassende wurdkadâns. Talintryk; moai dat de Rely Junior der is om sokke talinten te stimulearjen.

Nijsgjirrich nei “In gedicht oer in tún”? Alle winnende ferhalen en gedichten steane yn it Rely-nûmer fan ‘Ensafth’, it Frysk literêre tiidskrift. Te keap yn de bettere boekhannels.

Tjitske

Tjitske

Contact