22 maart 2017

Jong talint mei in dream

Gerrit Hoekstra, dosint Frysk Ljouwerter Lyseum:
It wurdt noch wolris fergetten. Troch alle praat oer ‘de jeugd’ dy’t net achter de byldskermen wei te brânen is, ûntkomt it jin wolris, dat der in hiele protte jongeren binne dy’t fan alles by d’ ein ha en op ûnderskate terreinen fikse prestaasjes leverje.

Yn it ‘gewoane’ skoalwurk bygelyks: in moai rapport, in prima presintaasje, in trochwrot PWS. Mar ek op minder reguliere mêden: in slagge optreden by it eksamenkonsert, in bûtengewoane bydrage oan in keunstútstalling, in oertsjûgjend betooch yn it Stedhûs of de Provinsjeseal.

Op oare plakken flonkerje se ek:

op sportfjilden of yn -sealen, op iisbanen en yn swimbaden. En op de poadia fan eigen of oarmans doarp, wyk of stêd. Aktearjend, sjongend, dûnsjend. As lûd- en ljochtregelaars, dekorbouwers, kleanûntwerpers.

‘Halbertsma’ Wergea is yn Fryslân in toanielselskip fan namme. As san’t 145 jier bestiet dan pakt it út. Net in sljochtweihinne toanielstik, mar in grut optuegde foarstelling. ‘Mamma Mia’ yn in folslein Frysktalige ferzje: “Ik haw in dream”. Troch de ferskes fan Abba foar in hiel soad minsken in reis troch de herinnering, foar oaren in fleurige, sprankeljende toanieljûn.

Dy dream is fan Fardau de Jong út 4 havo. Sy spilet de haadrol fan Sofie dy’t op har troudei sa graach witte wol wa’t har heit krekt is. Har mem wol dat net fertelle, dus se nûget de trije kandidaten sels mar út om nei it Grykske eilân te kommen dêr’t se wennet. Mei alle gefolgen.

Fan it begjin ôf oan it ein ta stiet Sofie/Fardau op it poadium fan De Bidler, de tejatertsjerke fan Wergea. Jûn oan jûn folboekt, oan it lêste plakje op de kreake. Se sjongt, dûnset, aktearret. Lyts en gefoelich, folút en fleurich. In hûdfol wurk, al dy repetysjes en spannende útfieringen. Njonken jins learen yn 4 havo.

Dan moatte jo wol in dream ha. Oars komme jo der net. Likemin as al dy oaren dy’t fan alles by d’ein ha njonken it ‘gewoane’ (skoal)wurk. Moai fierder dreame as it op sa’n manier is. Hoege wy net yn te sitten oer te min diededrang en meagere ambysjes by de jeugd. Yn dit gefal hat Fardau dat oertsjûgjend sjen litten. Dikke prima.

Contact