Frysk

Frysk as fak op skoallen fan Piter Jelles

De measte skoallen fan Piter Jelles foldogge oan de wettelike ferplichting om Frysk oan te bieden troch it as fak ien lesoere op it roaster te setten yn de earste klasse. In tal oare festigingen biedt it yn projektfoarm oan. Yn alle gefallen is it lesprogramma basearre op kearndoelen Frysk. Dêr wurdt ûnderskie yn makke tusken Frysktalige en net-Frysktalige learlingen. By ynstream stelle de dosinten dêrom fan alle bern de thústaalsituaasje fêst. Yn de lespraktyk besykje sy dêrnei sa goed mooglik rekken te hâlden mei de ferskillen yn de behearsking fan it Frysk. Nei de ferplichte lessen/projekten Frysk yn de earste klasse wurdt Frysk in keuzefak. Op twa skoallen fan Piter Jelles liedt dat by foldwaande belangstelling ta ferfolchgroepen: it Ljouwerter Lyseum en it Stedelik Gymnasium. Op beide wurdt Frysk ek as eksamenfak oanbean. Der wurde mooglikheden socht om it ferfolchoanbod te fersterkjen. Sa is neigien oft learlingen fan ferskillende festigingen yn ien keuzegroep Frysk set wurde kinne. Yn 2016 docht in havo-learlinge fan !mpulse Ljouwert eksamen Frysk yn gearwurking mei it Ljouwerter Lyseum, dêr’t Frysk al jierren in eksamenfak is. It doel is fansels om de posysje fan it fak op Piter Jelles te fersterkjen.

echtefriesevlag

De rol fan Frysk op Piter Jelles

Yn de taalbeliedsnotysje Frysk fan Piter Jelles stiet dat de skoallemienskip de meartaligens yn de provinsje erkend en posityf wurdearret. Yn dy sin wol Piter Jelles in aktive rol spylje troch learlingen en oare belutsenen rol, funksje en belang fan meartaligens yn in aloan feroarjende maatskippij te toanen en aktiviteiten te ûntwikkeljen dy’t it mooglik meitsje bewust diel te nimmen oan dy meartalige mienskip.

Sûnt 2015 hat de provinsje Fryslân as haadferantwurdlike foar de kearndoelen Frysk nij belied ûntwikkele ûnder de titel “Taalplan Frysk”. Der wurdt yn 2016 op alle skoallen fan Fuortset Ûnderwiis yn de provinsje fêststeld hokker kearndoelen der krekt yn de learplannen Frysk neistribbe wurde. Nei oanlieding fan de útkomst kriget de skoalle in Taalprofyl Frysk. Tagelyk moat de skoalle oanjaan wat it ambysjenivo foar it fak wêze sil yn de kommende jierren. Doel fan de oanpak: kwaliteitsferbettering foar de behearsking fan it Frysk berikke.

Yn de mande mei it lektoraat Meartaligens (NHL) wurdt yn dit stik fan saken ek in mjitynstrumint ûntwikkele. Skoallen fan Piter Jelles ha yn dy opboufaze meidien oan de de saneamde Frisiatoets en sille dat yn de takomst ek dwaan.

Yn 2016 sil in fernijde konseptnotysje foar it taalbelied Frysk op Piter Jelles ta besprek klear wêze. Dêr sil rekken yn holden wurde mei meartaligens, mar ek mei oarsoartige ûntjouwingen lykas dy om Kulturele Haadstêd 2018 hinne. Dêrnjonken sil de earder neamde beliedsoanpassing fan de provinsje in rol spylje by it meitsjen fan de nije taalnotysje.

echtefriesevlag

Fries als vak op scholen van Piter Jelles

De meeste scholen van Piter Jelles voldoen aan de wettelijke verplichting om Fries aan te bieden door het een lesuur als vak op het rooster te zetten in de eerste klas. Een aantal andere vestigingen biedt het in projectvorm aan. In alle gevallen is het lesprogramma gebaseerd op kerndoelen Fries. Daarin wordt onderscheid gemaakt tussen Friestalige en niet-Friestalige leerlingen. Bij instroom stellen de docenten daarom van alle kinderen de thuistaalsituatie vast. In de lespraktijk proberen zij daarna zo goed mogelijk rekening te houden met de verschillen in de beheersing van het Fries.

Na de lessen/projecten Fries in de eerste klas wordt Fries een keuzevak. Op twee scholen van Piter Jelles leidt dat bij voldoende belangstelling tot vervolggroepen: het Stedelijk Gymnasium en het Leeuwarder Lyceum. Op beide wordt Fries ook als examenvak aangeboden. Er wordt gezocht naar mogelijkheden om het vervolgaanbod te versterken. Daarbij wordt ook gekeken naar de mogelijkheid om leerlingen van verschillende vestigingen in één keuzegroep Fries te zetten. In 2016 doet een havo-leerlinge van !mpulse Leeuwarden examen Fries in samenwerking met het Leeuwarder Lyceum, waar Fries al jaren een examenvak is. Het doel is natuurlijk de positie van het Fries op Piter Jelles te versterken.

echtefriesevlag

De rol van Fries op Piter Jelles

In de Taalbeleidsnotitie Fries van Piter Jelles (opgesteld in 2009) staat dat de scholengemeenschap de meertaligheid in de provincie erkend en positief waardeert. In die zin wil Piter Jelles een actieve rol spelen door leerlingen en andere betrokkenen rol, functie en belang van meertaligheid in een steeds veranderende maatschappij te tonen en activiteiten te ontwikkelen die het mogelijk maken bewust deel te nemen aan die meertalige gemeenschap.

Sinds 2015 heeft de provincie Fryslân als hoofdverantwoordelijke voor de kerndoelen Fries nieuw beleid ontwikkeld onder de noemer ‘Taalplan Frysk’. Er wordt in 2016 op alle scholen van het Voortgezet Onderwijs in de provincie vastgesteld welke kerndoelen er in de leerplannen Fries worden nagestreefd. Naar aanleiding van de uitkomst krijgt de school een Taalprofiel Fries. Tegelijk moet de school aangeven wat het ambitieniveau voor het vak zal zijn in de komende jaren. Doel van deze aanpak: kwaliteitsverbetering voor de beheersing van het Fries bereiken.

In samenwerking met het Lectoraat Meertaligheid (NHL) wordt in dit verband een meetinstrument ontwikkeld. Scholen van Piter Jelles hebben in die opbouwfase meegewerkt aan de zogenoemde Frisiatoets en zullen dat in de toekomst ook doen.

In 2016 zal een vernieuwde conceptnotitie voor het taalbeleid Fries voor bespreking klaar zijn. Daarin zal rekening gehouden worden met meertaligheid, digitalisering, maar ook met andersoortige ontwikkelingen, zoals die rond Culturele Hoofdstad 2018. Daarnaast zal de eerder genoemde beleidsaanpassing van de provincie een rol spelen bij het maken van de nieuwe taalnotitie.

echtefriesevlag

 

 

Vragen over de website?