Frysk

Op 29 maaie fan dit jier stiene yn trije deiblêden artikels oer learlingen fan it Ljouwerter Lyseum dy’t eksamen Frysk dien hienen: de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en (sels) it Nieuwsblad vaFriesn het Noorden. No witte in soad minsken wol dat bern op vmbo-t, havo en vwo Frysk kieze kinne yn it frije diel fan har  fakkepakket. Mar it wie wol opfallend dat der ek (in protte) reaksjes wiene yn de trant fan:

Op 29 mei van dit jaar stonden er in drie dagbladen artikelen over leerlingen van het Leeuwarder Lyceum die examen Fries hadden vlag_nederlandgedaan:de Leeuwarder Courant, het FrieschDagblad en (zelfs) het Nieuwsblad van het
Noorden. Nu weten veel mensen wel dat kinderen op vmbo-t, havo en vwo Fries kunnen kiezen in het vrije deel van hun vakkenpakket. Maar het was wel opvallend dat er ook (veel) reacties waren in de trant van:

“Kin dat dan ek, Frysk op it eksamen?”

“Kan dat ook, Fries op het examen?”

Oanlieding om wat mear te fertellen oer plak en posysje fan Fryske Taal en Kultuer (want sa hyt it fak offisieel) en dan benammen op it Ljouwerter Lyseum.Wet- en regeljouwing skriuwe foar dat yn it fuortset ûnderwiis Frysk jûn wurdt, benammen yn ferbân mei de status as twadde offisiële rykstaal. Aanleiding om wat meer te vertellen over plaats en positie van Friese Taal en Cultuur (want zo heet het vak officieel) en dan met name op het Leeuwarder Lyceum. Wet- en regelgeving schrijven voor dat in het voortgezet onderwijs Fries wordt gegeven, met name in verband met de status als tweede officiële rijkstaal.
Op de measte skoallen betsjut it dat it fak ien lesoere wyks op it roaster stiet, hast altiten yn klasse 1. Dat jildt ek op it LL. Dêrnei wurdt it in keuzefak. Dy mooglikheid wurdt mar troch in beheind tal skoallen yn Fryslân oanbean, provinsjaal sjoen op likernôch 10 persint.Yn de klassen 2 en 3 bestiet op it Lyseum in groep dy’t ien lesoere Frysk folget. Bern dy’t dêryn sitte, hawwe dy keuze oan it ein fan de earste makke. Troch dy keuze meitsje se iens oere wyks mear as learlingen dy’t it fak net kieze. Foar dielname krijt in learling oan it ein fan de ekstra lesserige in sertifikaat. Troch elkoar sitte der tusken de 10 en de 15 bern yn de ferfolchgroep 2/3. Op de meeste scholen betekent het dat het vak een lesuur per week op het rooster staat, bijna altijd in klas 1. Dat geldt ook voor het Leeuwarder lyceum. Daarna wordt het een keuzevak. Die mogelijkheid wordt maar om een beperkt aantal scholen in Fryslân aangeboden, provinciaal gezien op ongeveer 10 procent. In de klassen 2 en 3 bestaat op het Lyceum een groep die één lesuur Fries volgt. Kinderen die daar in zitten, hebben die keuze aan het eind van de eerste gemaakt. Door die keuze maken ze een uur per week mear dan leerlingen die het vak niet kiezen. Voor deelname krijgt een leerling aan het einde van de extra lessenserie een certificaat. Gemiddeld zitten er tussen de 10 en 15 leerlingen in de vervolggroep 2/3.
Yn de boppebou kiest alle jierren in tal bern foar Frysk yn it fakkepakket. De groepsgrutte sit tusken de 10 en 15 learlingen. Dat binne havo- én vwokandidaten. Sy krije twa lesoeren wyks yn in kombinaasjegroep HV. Datselde jildt foar Frysk yn de fiifde. Troch lettere ynstream is dy groep grutter. Faak kieze learlingen dy’t muoite ha mei in taal lykas Dútsk of Frânsk tuskentiids foar in oerstap nei Frysk. Benammen foar bern dy’t fan hûs út Frysktalich binne, is dat goed mooglik. Ynstream betsjut fansels altiten yndividuële ynhelrûtes, mar dy binne meastentiids yn oerlis bêst te betinken en út te fieren. In de bovenbouw kiest een aantal leerlingen elk jaar voor Fries in het vakkenpakket. De groepsgrootte ligt ook hier tussen 10 en 15. Dat zijn havo- én vwo-kandidaten. Zij krijgen twee lesuren per week in een combinatiegroep HV. Datzelfde geldt voor Fries in de vijfde. Door latere instroom is die groep groter. Vaak kiezen leerlingen die moeite hebben met een taal als Duits of Frans tussentijds voor een overstap naar Fries. Met name voor kinderen die van huis uit Friestalig zijn is dat goed mogelijk. Tussentijdse instroom betekent natuurlijk altijd individuele inhaalroutes, maar die zijn meestal in goed overleg zonder veel moeite te bedenken en uit te voeren.
Yn it eksamenjier sitte 5havo en 6vwo in oere wyks yn in groep mei as belangrykste programma-ûnderdiel tarieding op it sintraal eksamen.Dat eksamen betreft lêsfeardigens: teksten mei lêsbegrypsfragen. It falt te fergelykjen mei dat fan Nederlânsk en is faak like dreech.

It sintraal eksamen smyt de helte fan it einsifer op

De oare helte komt út programma-ûnderdielen lykas skriuwfeardigens, it fiksjedossier en sa. Yn dit diel sit ek it part kultuer.Fan 2015-2016 ôf kriget dat ûnderdiel in hiel oare ynfulling.

In het examenjaar zitten 5H en 6V wekelijks een uur in één groep met als belangrijkste programmaonderdeel voorbereiding op het centraal examen. Dit examen betreft leesvaardigheid: teksten met leesbegripvragen. Het valt te vergelijken met Nederlands en is vaak even moeilijk.

Het centraal examen levert de helft van het eindcijfer op

De andere helft komt uit programmaonderdelen als schrijfvaardigheid, het fictiedossier e.d. In dit deel zit ook het onderdeel cultuur. Sinds het schooljaar 2015/2016 heeft het laatstgenoemde onderdeel een heel andere invulling.

Kandidaten Frysk moatte in tal tematyske opdrachten útfiere dy’t aspekten fan taal, kultuer en skiednis befetsje. Se dogge dat mei help fan ynstellingen en organisaasjes op dy mêden. Om it wat konkreter te meitsjen: by it tema ‘Friezen om utens’ moatte learlingen bygelyks yn Tresoar emigrantebrieven bestudearje (=foaral skiednis), in tal boeken lêze oer lânferhuzers (=foaral taal) en ûndersykje wat Fryslân (noch) betsjut foar emigranten byg. troch byldmateriaal fan Omrop Fryslân te besjen en/of in toanielstik lykas ‘De Emigrant’ te besykjen (= foaral kultuer). De learlingen ferwurkje de opdracht yn in portfolio dat oan it ein fan de boppebou in sintrale rol spilet by it skoalle-eksamen (de twadde 50% fan it einsifer dus). It portfolio sil yn de pilotfase (skoallejier 2015-2016) fuld wurde mei de ferwurking fan in lyts tal tema’s. Ynstap fan al dy tema’s binne finsters út de Kanon fan de Fryske Skiednis. Yn it foarbyld hjirfoar bygelyks finster 25: Lân fan dream en winsken.By de fierdere ynfulling fan de earste tema’s wurdt gearwurke mei ynstânsjes en organisaasjes lykas it Tresoar, HCL, it Frysk Museum / Verzetsmuseum, Natuurmuseum, Lânboumuseum, Tryater, Cedin en Afûk. Ut dit rychje docht bliken dat de oandacht ynearsten foaral útgiet nei Ljouwert. Kandidaten Frysk moeten een aantal opdrachten uitvoeren die aspecten van taal, cultuur en geschiedenis bevatten. Ze doen dat met hulp van instellingen en organisaties op die terreinen. Om dit wat concreter te maken: bij het thema ‘Friezen om utens’ moeten leerlingen bijvoorbeeld in Tresoar emigrantenbrieven bestuderen (geschiedenis), een aantal boeken lezen over landverhuizers (taal) en onderzoeken wat Fryslân (nog) betekent voor emigranten bijvoorbeeld door beeldmateriaal van Omrop Fryslân te bekijken en/of een toneelstuk zoals ‘De Emigrant’ te bezoeken (cultuur). De leerlingen verwerken de opdrachten in een portfolio dat aan het eind van de bovenbouw een centrale rol speelt bij het schoolexamen (de tweede 50% van het eindcijfer dus). Voor verdere invulling van de eerste thema’s wordt samengewerkt met instanties en organisaties zoals Tresoar, HCL, het Fries Museum / Verzetsmuseum, Natuurmuseum, Landbouwmuseum, Tryater, Cedin en Afûk. Uit het rijtje blijkt dat de aandacht in eerste instantie vooral gericht is op Leeuwarden.
It is wol it doel en wreidzje it wurkgebiet foar de learlingen letter út nei in gruttere krite.No’t yn de boppebou de klam ferskoot nei de kultuerkomponint fan it fak moat ek neitocht wurde hoe’t dy mear plak kriget yn it ûnderbouprogramma. Dat soe kinne troch ek mear de skoalle út te gean troch ekskursjes en besites.

Faaks biedt de oanrin nei Kulturele Haadstêd 2018 mooglikheden yn dit stik fan saken

Yn alle gefallen falt der yn de trochrinnende learlinen ek noch winst te heljen. Dat nimt net wei dat posysje en plak fan Fryske Taal en Kultuer op it Ljouwerter Lyseum net sa min is: ien fan de fiif Fryske skoallen mei in havo/vwo-ôfsluting fan it fak, keuzegroepen nei it ferplichte segmint yn de ûnderbou en ambysjes om de kultuerkomponint te fersterkjen. It koe minder!

Het ligt wel in de bedoeling om het werkterrein voor de leerlingen later uit te breiden. Nu in de bovenbouw de aandacht verschuift naar de cultuurcomponent van het vak moet ook nagedacht worden hoe die meer plaats krijgt in het onderbouwprogramma. Dat zou kunnen door ook meer de school uit te gaan door excursies en bezoeken.

Het feit dat Leeuwarden Kulturele Haadstêd 2018 is, biedt mogelijkheden in deze zin

In elk geval valt er in de doorlopende leerlijnen ook nog winst te boeken. Dat neemt niet weg dat plaats en positie van Friese Taal en Cultuur op het Leeuwarder Lyceum niet slecht is: één van de vijf Friese scholen met een havo/vwo-afsluiting van het vak, keuzegroepen na het verplichte segment in de onderbouw en ambities om de cultuurcomponent te versterken. It koe minder!

Contact